Actueel
PROGRAMMA 12 JULI 2025
● Kerk open 13-17 uur
● 14 uur: Dichter Arjan Hut, voordracht en toelichting
● 13 en 15 uur: Wolspinnen, demonstratie Foekje Roosjen
● Hele middag Obe Postma wandeling, route van 3,5km met onderweg gedichten
● Vanaf 15 uur Kerk-Café
PROGRAMMA 26 JULI 2025
● Kerk open 13-17 uur
● 15 uur: Optreden Hindrik van der Meer en de Auke Roukes
● Hele middag: Obe Postma wandeling, route van 3,5km met onderweg gedichten
● Vanaf 15 uur Kerk-Café
LET OP!
Voor 26 juli wordt er een muzikale reünie georganiseerd van de ‘Sjongploech Auke Roukes’ en de PABO studenten van Sneek uit de jaren 80.
zie onderstaand:
Muzikale réuny yn Koarnwert oer de poëzy fan Obe Postma.
Yn de tachtiger jierren fan de foarige ieu wie Hindrik van der Meer muzyklearaar oan de
Snitser Pabo. As der ien fan de studinten troude, soarge Hindrik mei de klasgenoaten
foar in muzikale bydrage yn de troutsjinst. Sa ek ris yn de tsjerke fan Koarnwert. Boppe
de tsjerkedoar hong doe it boerd:”Pas op! Vallend gesteente”.
Maaike van Dyk silliger, makke har tige drok foar de restauraasje fan de tsjerke. Se wie
tige ûnder de yndruk fan it sjongen fan de studinten en frege oft se net in kear in jûn
fersoargje koene foar it Restauraasjefûns. Faaks oer de ferneamde dichter Obe Postma
berne yn Koarnwert.
Hindrik gie yn op har fersyk en naam kontakt op mei de kollega’s Jan de Jong en Tom
Dykstra. Mei elkoar wurken se oan de opset fan in programma. Hindrik naam it dichtwurk
fan Obe foar syn rekken. Hy sette in tal gedichten op in stensil en frege de studinten fan
de “Koarnwerter klasse” dêr ien út te sykjen, en te betinken hoe’t dat gedicht
presentearre wurde koe.Ek socht er sels in fiiftal gedichten út, sette dy op muzyk en
studearre se yn mei de studinten.
Op 14 maaie 1983 wie de útfiering. Spannend: soene der wol minsken komme? De
Ljouwerter krante wijde der de oare deis in moai artikel oan: “De minsken kamen fan fier
en hein en in kertier foar it begjin wie der yn’e tsjerkebanken en op’e kreake al gjin plakje
mear te besetten. Reden foar it oarganisearjend komitee om yn’e gauwichheid noch in
pear banken fan it keatsfjild te heljen. Mar ek dy rekken fol, sadat in pear letkommers
tefreden wêze moasten mei in steanplak.”
Letter sette Hindrik mei de sjongers fan “Sjongploech Auke Roukes” yn de Legeaën in tal
Obe Postma-lieten op in cd. De namme fan dy sjongploech mei hast hûndert leden wie
ûntliend oan it gedicht fan Obe Postma oer Auke Roukes. Auke wie in gongmakker yn it
doarp. De Legeansters makken der in kûplet by! “Mar Auke Roukes is no werom. Hy
wennet yn de Legeaën. En asto harkest hearst it muzyk al troch de buorren gean!”
Ut it Gysbert Japicxhûs wei waarden letter literêre bustochten organisearre en fersoarge
troch Hindrik en Beitske van der Meer. Op ien fan dy tochten waard ek Koarnwert
oandien en kaam Obe syn poëzy op it aljemint.
De Koarnwerter Obe Postma-kommisje is tige aktyf en organisearret op dit stuit eltse
sneon in barren yn de tsjerke. Op 26 july, de middeis om trije oere, stiet it wurk fan Obe
wer sintraal yn de tsjerke, dy’t no prachtich restaureard is. Der sil in soad poëzy klinke en
songen wurde, want it is tagelyk in muzikale réuny mei eardere studinten, dielnimmers
oan de busreizen, eardere sjongers fan Auke Roukes en hooplik gâns oaren.