Doarpstsjerke (Fr)

In lyts doarp, in grut dichter

Middenin Koarnwert, in lyts terpdoarp oan de Iselmar yn Súdwest-Fryslân, stiet de moaie Bonifatiustsjerke. Der leit in grut dichter begroeven njonken dizze doarpstsjerke, Obe Postma. Yn syn lange libben (1868 – 1963) genoat er bekendheid as wis – en natuerkundige, mar syn namme waard doe al fêstige as dé dichter fan it Fryske lânskip.

Obe Postma koe him kwa poëzij mjitte mei de grutten fan syn tiid, wylst er syn oansprekkende, altyd ferneamd bleaune gedichten, skreau yn it Frysk. De lyryske beskriuwingen en de parlando toan bringe de siel fan it lânskip ûnder wurden. Dat is, benammen yn in tiid dat de lânskiplikens ûnder druk stiet, aktueel. Koarnwert wie ‘syn doarp’ en it komt, tegearre mei de omjouwing, in protte foar yn syn wurk. Hy waard der berne, hy leit der begroeven,’hy is dêr hikke en tein. ’

Yn 2025 waard yn de Bonifatiustsjerke de oandacht op dizze wichtige dichter fêstige mei in tentoanstelling oer syn libben wurk. Hjoeddeistige dichters joegen pakte de présence, der wiene lêzingen oer Obe Postma, der wie oargelmuzyk en der wie in meisjongmiddei. In poëzij kuier lâns mûne, dyk en it bertehûs fan de dichter waard keppele oan de iepen tsjerkedagen.
Basearre op de belangstelling foar dy aktiviteiten en út it langstme wei om de oandacht noch mear te fêstigjen op Obe Postma, is it plan opfette om in bysûndere festivaljûn te organisearjen op syn stjerdei, 26 juny. Dat wie prachtig slagge.
Tenei mear in 2027…

POSTER_A3_OdeOanObe-1MBDEF


Tsjerkepaed 2026
De tsjerke is iepen op in tal sneonsmiddeis fan 13u oant 17û foar Tsjerkepaed.
Op de iepen tsjerkedagen is der kofje en wat lekkers foar de besikers en kinne der ferhalen dield wurde.
Op dizze dagen binne der ek kulturele aktiviteiten yn en om d

Útstalling
Yn de tsjerke is der in útstalling oer it wurk en libben fan Obe Postma.

Obe Postma Kuier
Op dizze saterdeis is it ek mooglik de Obe Postma Kuier te dwaan fan 3,5 km fia de Mûne, in weilânpaad lâns de Koarnwerderfeart en fia de dyk by it bertehûs fan Obe Postma del werom nei de tsjerke. By dizze kuier komme je pealtsjes tsjin mei gedichten fan Obe dy’t je foardrage kinne.


Data 2026

11 july
Optreden fan Sietse vd Hoek, organist en ek al jierren bestjoerslid fan Organum Frisicum.
Sietse vd Hoek hâldt om 14 oere en om 15 oere in koart oargelkonsert.

25 july
Bernard Visser

15 aug
Gjildert vd Velde

29 aug
Programma folget

13 sep Monumentendei
Programma folget